Nijs
10-06-2022 Start 2022 yn SnitsDit jier sil de start foar it earst sûnt 2013 wer plakfine yn Snits.
11-11-2020 Opjaan is wer mooglikWy witte fansels noch net at it mei omwille fan de Koroana mar opjaan is yn elk gefal wer mooglik.
14-11-2019 Opjefte wer mooglikSûnt 11 novimber kin der wer massaal oanmelden wurde foar alwer de 8ste sylalvestêdetocht. Op 5 juny is de start om 19:25 yn Heech. De earste 4 boaten stean al yn de list.
18-08-2019 Ald haven 4 Foppe fondsFjouwer freonen út Skettens sille foar it Foppe fûns yn 2020 meidwaan oan 5 alvestêdetochten. Sy sille de alternative tocht dwaan op redens, dêrneist sille hja de tocht rinne, steppe en fytse. Mar omdat se yn Skettens by de Ald Haven ek in swak hawwe foar ús tocht, dy't gauris efkes ûnderbrutsen waard foar in slokje yn de Keet Ald Haven, slute se harren avontoer ôf yn de sylboat. Probleem is fansels dat se noch nea sylt hawwe dat dêr sil wy noch efkes oan wurkje.
Ald Haven 4 foppe fonds 18-08-2019 De achtste tochtOp freed 5 juny begjinne wy oan ús achtste tocht. De start sil nei alle gedachten wer by Hoora yn Heech wêze.
12-06-2019 Start en finish 2019De start en finish binne dit jier by Rufus oan it wetter yn de Broek. Freed 14 juny om 19:25 binne jim wolkom om de dielnimmers dêr út te swaaien. De tocht giet dan fia it Snitsermar earst nei Snits en dan fierder nei Drylts (rjochtsom).
22-02-2018 Alle helden op in rychjeWy hawwe de helden dy't de tocht folbrocht hawwe efkes in plakje jûn op ús
helden side.
27-01-2018 Klub fan 11Jo kinne no lid wurde fan de
klub fan 11. Dêrmei helpe jo ús om de tocht te organisearjen en om dizze nei in heger plan te tillen. Foar mar €11,- yn it jier krije jo in fermelding mei in ferwizing nei jo webside op ús side. Ek kin der dan in bannerke fan jo bedriuw yn ús bannerrotaasjesysteem opnaam wurde.
25-05-2017 Start wer yn HeechDe start is krekt lykas de ôfrûne jierren wer by de haven fan Hoora ferhier yn Heech.
23-03-2017 Hoora alvestêdetochtpakketWy hawwe foar de dielnimmers oan de tocht dy't sels net in polywikel hawwe in moai totaalpakket regele. Foar mar €149,- kinne jim
in Hooravalk hiere foar de folsleine tocht. Wês der rap by want op is op.
20-03-2017 Federaasje Syltsjelke en Contractus KupDer binne nije siden taheakke spesjaal foar leden fan de Federaasje fan Fryske studinteferienings oer de
Federaasje syltsjelke en foar leden fan de Contractus oer de
Contractus Kup.
28-10-2016 Bernlef daget oare studinteferienings útFoar de 5e edysje fan de sylalvestêdetocht wurde de studinteferienings yn Grins útdage troch de Fryske studinteferiening Bernlef om mei in bemanning diel te nimmen oan de tocht fan 2017.
29-05-2016 De fjirde edysjeOp freedtemoarn 24 juny 2016 sil der op 'e nij in sylalvestêdetocht fan start gean fanút Heech (Hoora haven).
28-09-2015 De útslachDer binne twa boaten starten. De earste boat hat Dokkum helle mar is net troch de Iebrêge gien en hat de wedstryd by Berltsum ferlitten. De twadde boat hat de folsleine tocht syld al is wol in part fan de bemanning foartidich fan board stapt.
24-09-2015 Tsjin de klok ynDe wyn is sa dat wy foar de wyn nei Dokkum kinne. Dêrnei sil de wyn nei alle gedachten draaie sadat wy ek foar de wyn nei Starum kinne. Dêrom kieze wy der foar om tsjin de klok yn te silen.
23-09-2015 PalaverIn kertier foar de start sil der op it palaver bepaald wurde hokker kant wy om gean. De wyn liket geunstich en beide kanten biede foardielen.
06-09-2015 In moaie oanbiedingYn gearwurking mei ús stiper Hoora hawwe wy in moai
alvestêdepakket gearstalle kinnen. Jo kinne in boat hiere foar de tocht foar mar €139,-
25-08-2015 Thússide oanpastWy hawwe efter de skermen al in skoftke dwaande west om de thússide wat ynteraktiver te meitsjen. Der liket it op it earste stuit net in hiel soad feroare te wêzen mar der bin in hiel soad nije siden taheakke. Mochten der noch flaters yn sitte dan hearre wy dat graach. Nim dan mar efkes
kontakt op.
05-08-2015 De klok rint ôfMei noch krekt 50 dagen te gean oant de start fan de tredde sylalvestêdetocht hawwe wy de startklok alfêst wer pleatst. Jo kinne jo klokje dus alfêst synchroanisearje.
09-07-2015 Starttiid en datum 2015It plan is op dit stuit om te starten op tongersdeitejûn 24 septimber om 20:00 oere yn Heech. Sa is it ienfâldiger om de brêgen fan Warkum en Parregea te heljen.
30-06-2015 Tredde tocht start mooglik op tongersdeiOmdat it troch de omstandigheden alle kearen wer dreech is om de brêgen fan Warkum en Parregea te heljen op freedtejûn is de organisaasje yn 2015 fan doel om al op tongersdeitejûn te starten. De tocht fan 2015 sil nei alle gedachten starte op tongersdeitejûn 24 septimber 2015.
29-09-2014 Wyngebrek sit twadde tocht dwersTroch gebrek oan wyn binne de dielnimmers fan de tocht yn 2014 net alhiel oant Dokkum ta west.
16-03-2014 Twitter no ek yn it NederlânskWy ha no ek in Nederlânsktalich twitteraccount. Jo kinne ús 'volgen' op
@zeilelfsteden.
16-02-2014 Datum tocht 2014 bekendYn 2013 slagge it net de tocht folslein út te faren. Wy sille yn 2014 oppenij in poging dwaan. Dizze kear sille wy starte op freed 26 septimber 2014.
10-06-2013 It ferrin fan de tochtOp freed 6 juny giene 5 boaten fan start. Net ien hat de einstreek helle fia de offysjele rûte. De earste ôffaller kaam net fierder as de Galamadammen dêr't hja mei averij stopje moasten. De oare 4 boaten hawwe 10 stêden oandien. Net ien hat yn Dokkum west. 2 boaten binne by Frjentsjer oer it kanaal nei Ljouwert gien, de oare twa binne fia de Noardlike rûte nei Bartlehiem west. Sneintejûn wiene alle boaten wer yn Snits/Heech. Oar jier moat dat fansels efkes better.
07-06-2013 Keningsbrêge te leechDe keningsbrêge hawwe wy fannemiddei besocht te passearen mar dat slagge net. Dêrom sile wy fanút de Swette no by de lêste Stuver loftsôf om fia de Oppenhústerbrêge by de wetterpoarte út te kommen.
01-04-2013 De klok rintDe starttiid is bekend, op freed 7 juny om 6:00:00 sil Heleen Sonnenberg it startskot jaan fan de Sylalvestêdetocht 2013. De
start sil plakfine ter hichte fan Camping Pasveer yn Snits. Syngroanisearje de klokjes mar alfêst!
23-03-2013 Heleen Sonnenberg jout it startskotWy binne tige grutsk op it feit dat wy Heleen Sonnenberg ree fûn hawwe om op freed 7 juny it startskot te jaan. Heleen Sonnenberg is direkteur fan
Weduwe Joustra Beerenburg yn Snits. Dit bedriuw levert al 149 jier de bêste bemanning en sil no dus ek soargje foar in poerbêst startskot.
12-03-2013 De startlokaasjeWy
starte moarns betiid by
Camping Pasveer yn Snits. Dêr sille wy Palaver hâlde wêrnei't de startline it lêste brechje foar de Swette wêze sil.
12-03-2013 Facebook updeet12-03-2013 Fyn ús leuk op facebookWy hawwe ek mar efkes in facebookside makke.
Fyn ús leuk!
10-03-2013 De webside is fernijdDe thússide hat in lytse metamorfose hân en is in bytsje rûmer wurden. Sa kin der mear ynformaasje toant wurde. Ek hawwe wy der wer in pear siden oan taheakke.
09-03-2013 De sylalvestêdetocht start yn SnitsDe reedriders starte yn Ljouwert en de fytsers yn Boalsert. De ferneamdste sylstêd by útstek is fansels Snits en dêrom hawwe wy der foar keazen om ús sylalvestêdetocht yn Snits te starten.
02-03-2013 De datum is bekendDe organisaasje fan de Sylalvestêdetocht hat besletten dat de start fan de sylalvestêdetocht plak fine sil op freed 7 juny 2013. De starttiid en -lokaasje sille letter bekend makke wurde mar rekkenje der op dat it moarns (hiel) betiid wêze sil. Wy rekkenje der op dat elkenien snein 9 juny wer werom wêze sil.
25-01-2013 Nij lid fan de organisaasjeAllard Berveling fan Wâldsein sil de organisaasje fan de Sylalvestêdetocht fierder fersterkje.
24-01-2013 De brêgen en in lytse oanpasingWy hawwe alle
brêgen efkes yn kaart brocht. It lykje der 189 te wêzen wêrfan't der ien foar ús iepen moat. Dy fan Parregea is mei 75 sintimeter krekt wat te leech foar in polywikel. Yn it trajekt sitte ek noch 2 slûzen. By Harns hawwe wy de rûte noch in lyts bytsje oanpast omdat de Industriebrêge ek wat oan de lege kant blykte te wêzen. Wy sille no sjen dat wy troch de stedsgreften kinne. Wy moasten dochs al ôfwike fan de rûte omdat it regear ek 30 jier ferlyn al gjin nocht hie om de alvestêderûte fan wat akwadukten te foarsjen. Allinnich in skraal klúntunneltsje koe der by Frjentsjer noch ôf.
19-01-2013 Lytse oanpassings yn de rûteNei de ynspeksje fan in grut part fan de rûte binne der in pear lytse wiziginkjes. Sa sille wy yn Sleat besykje om krekt as de reedriders in rûntsje om troch de binnenstêd te meitsjen. Yn Frjentsjer is de rûte in stikje omlein omdat wat in brêge like in daam blykt te wêzen. De folsleine
rûte komt no op krekt wat mear as 200km út.
15-01-2013 De rûte no yn google mapsOp de krekt oantúgde ANWB wetterkaart (B) komme wy krekt ta de konklúzje dat wy tusken Harns en Frjentsjer in alternative rûte oer it Van Harinxmakanaal folgje moatte. Yn de Seisbierrumer feart sitte inkelde damen. De rûte dy't wy fan doel binne te silen stiet no yn in google map op de
rûtepagina.
13-01-2013 De thússide no yn twa talenDe thússide is no folslein twatalich.
11-01-2013 In eigen website10-01-2013 Folgje ús op twitterWy hawwe in eigen twitterakkount oanmakke (
@syl11stedetocht) en de offysjele hashtag foar de sylalvestêdetocht sil #syl11 wêze!
08-01-2013 It ideeSiebren Boschma skillet mei Thaeke Johannes Kuipers oer it ien en fan it ien komt it oar en doe gie it ynienen oer it silen fan de alvestêdetocht. It liket de mannen wol wat ta en om foar wat ekstra bemanning te soargjen wurdt it Bernlefnetwurk ynsetten. Al gau komme der entûsjaste lûden fan minsken dy't meiwolle en it liket der no sels al op dat der mooglik noch in wedstrydsje fan makke wurde kin ek!